Fûgelsop is in boekje skreaun yn gearwurking mei IVN. IVN Fryslân belûkt bern by de natuer en it lânskip yn harren eigen omjouwing út it tinken wei dat kontakt mei de natuer bern kreativer, sûnere en sosjaler makket. Kennis fan de natuer pleatst by bern siedsjes om fan dyselde natuer te hâlden en der goed foar te soargjen.
De wrâld fan de lân - en greidefûgels dy 't yn dit boekje sintraal stiet is in wrâld dy 't hiel tichtby my stiet om 't ik der middenyn opgroeid bin. Us heit naam my, myn susters en bruorke faak mei it lân yn en learde ús wat wy mar witte woene oer de natuer – en de soarch derfoar – en yn it bysûnder de greidefûgels dy 't it lân om 'e pleats hinne ryk wie. Ekstra spesjaal foar my om dit yn myn eigen wurden skriuwe en diele te meien.
Keimpe de Krokodil wurdt bliid fan it oanmoedigjen fan bern (4 oant 8 jier), harren âlden en learkrêften om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Troch yn it Frysk te lêzen en ferhalen te fertellen wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en twadde taal. Hoera foar meartaligens en al har foardielen!
De Keimpe ferhalen gean oer de bern Eef, Hidde, Mia, Rins, Sef en Silke en oer poes Maus en hûn Jep. Se belibje hiel bysûndere en hiel gewoane aventoeren mei elkoar yn it doarp Terpsyl. De ferhalen wurde skreaun troch de wurkgroep Keimpe. In groep fan fiif entûsjaste skriuwers. Aart Cornelissen makket der de meast moaie en passende yllustraasjes by. Hjirneist fynst in twatal ferhalen werom dy 't ik foar Spoar 8 skreaun ha.