Lang zal Eland leven

Lang zal Eland leven. In printeboek foar elkenien. Oer freonskip, ferlies en rouwen. Oer tankberens, loslitten en fertrouwen. Oer eindes en in nij begjin.

Eland en Eekhoorn hearre al hiel lang byinoar. Mar Eland feroarert, hy wurdt Earne Oars Eland. Eekhoorn wol it leaver noch mar net witte mar djip fan binnen wit er it dochs. Eland wit it ek en tegearre fine se in wei yn it inoar loslitte en reizgje se beide fierder op har eigen wize en manier.

besteane al in skoftke. Krekt nei 't se klear en skreaun wiene, waard ús heit slim siik. En yn dy tiid fan siik wêzen, besefte ik my dat alles wat ik yn wurden fette hie, der altyd al west hie. De lessen oer it libben, freonskip, it kinne dielen fan triennen, in laits en ferhalen, mar boppe-al de tankberens en it fertrouwen yn it loslitten. It wie troch myn âlden en foarâlden al foarlibbe en ik hie it sûnder dat ik it wist yn myn eigen wurden opskreaun om te dielen.

It boek wie net sa moai wurden sûnder Donata van der Rassel (útjouwerij Aurora Concepts) en Leonie Verbrugge, de yllustratrise fan de prachtige yllustraasjes dy 't it boek ryk is en foarmjouster fan it boek. NPN Drukkers makke it dien. Ik hoopje datst der like bliid fan wurdst as ik dat bin. Kinst it boek hjir bestelle.

 

 

 

 

 

JierAurora Concepts Haarlem, 2024
CreditsIllustraties Leonie Verbrugge
Kategoryboeken
0
    0
    Dyn bestelling
    Dyn winkelkoer is leechWerom nei de winkel