PRE ORDER Lang zal Eland leven

Ferhaal troch Reina&Greetje

Yllustraasjes en foarmjouwing Leonie Verbrugge

Utjouwer Donata van der Rassel, útjouwerij Aurora Concepts

Druk en ôfwurking NPN Drukkers

Lang zal Eland leven telt 36 siden en hat in hardcover omslach mei linnen rêch mei foljedruk

It binnenwurk is útfierd yn full color, offset drukt op 200 grams FSC sertifisearre, ECF, soerfrij en CO 2 neutraal papier

 

 

ekstra ynfo

24,50

Ekstra ynfo

Lang zal Eland leven. In printeboek foar elkenien. Oer freonskip, ferlies en rouwen. Oer tankberens, loslitten en fertrouwen. Oer eindes en in nij begjin.

Eland en Eekhoorn hearre al hiel lang byinoar. Mar Eland feroarert, hy wurdt Earne Oars Eland. Eekhoorn wol it leaver noch mar net witte mar djip fan binnen wit er it dochs. Eland wit it ek en tegearre fine se in wei yn it inoar loslitte en reizgje se beide fierder op har eigen wize en manier.

De wurden fan Lang zal Eland leven besteane al in skoftke. Krekt nei 't se klear en skreaun wiene, waard ús heit slim siik. En yn dy tiid fan siik wêzen, besefte ik my dat alles wat ik yn wurden fette hie, der altyd al west hie. De lessen oer it libben, freonskip, it kinne dielen fan triennen, in laits en ferhalen, mar boppe-al de tankberens en it fertrouwen yn it loslitten. It wie troch myn âlden en foarâlden al foarlibbe en ik hie it sûnder dat ik it wist yn myn eigen wurden opskreaun om te dielen. Lang zal Eland leven wie en is út myn hert en oantinken skreaun. It kloppet.

Myn winsk wie om wat hiel moais te meitsjen foar altyd en om te dielen. En ik tink dat dit slagge is! It is mei in soad soarch en oandacht makke en wie net sa moai wurden sûnder de help fan Donata van der Rassel (útjouwerij Aurora Concepts) en Leonie Verbrugge, de yllustratrise fan de prachtige yllustraasjes dy 't it boek ryk is en foarmjouster fan it boek. NPN Drukkers giet it boek meikoarten printsjen en dan mei ik it yn 'e hannen hâlde om it dêrnei útfleane te litten mei help fan Cathelijne Esser. Sa is it goed en ik hoopje datst der like bliid fan wurdst as ik dat bin!

0
    0
    Dyn bestelling
    Dyn winkelkoer is leechWerom nei de winkel