fotografie: Masha Bakker Matijevic Photography
mua: Fleur Pieterse Beauty Care
Reina&Greetje Dat bin ik en wolkom yn myn wrâld. Dêr wêr 't ik libje, beleef en dêr 't alles kin. Wêr 't ik genietsje fan de minsken om my hinne dy 't ik leafha. Wêr 't ik noch lang net alles wit of snap en it fertrouwen ha dat dy tiid echt wol komt, presys wannear 't it kloppet. Wêr 't ik fan optein nei stil en hearlik allinnich wêze kin. Laitsje, gûl, fal en altyd wer opstean. Wêr 't ik myn grutste lytse ik wêze kin.
‘Reina&Greetje has an inherant intention to touch the wonders of the worlds, the known and unknown’ – Iman Kamel
Ik observearje en sjoch dwers troch it deistige op in oare wize nei de wrâld. Op myn kop, fan binnenstebûten of yn in dûnske deromhinne. Troch myn eagen sjoch ik ferbiningen wêrtroch 't nije wrâlden ûntstean. Dêr fyn ik se. De ferlerne stikjes en de oantinkens. De glimpen, glinsteringen en flonkeringen. Fûn om te dielen en de wrâld yn te sjitten mei as winsk dat se reitsje. Yn wurden, byld of tegearre tagelyk.
Hoe wurket Reina&Greetje?
Wêr 't Reina dejinge dy 't wurden en bylden sammelet yn de wûnderlike wrâlden fan ferbyldingskrêft, soarget Greetje derfoar dat se nei thús komme, mei twa fuotten werom op stevige grûn.
Om net ûneinich te ferdwalen tekenje ik yn ’t foar in rûtekaart mei in tal oanknopingspunten. In dúdlike rjochting, begjin, ein, in tal tuskenstasjons mei dêr tusken in hiel soad romte om nije paadsjes te ûntdekken. Fijn foar mysels en de minsken mei wa 't ik gearwurkje.
Yn hokker wrâlden ik ek bin, kontakt hâlde en kommunisearje slagget eins altyd. Wolst mear ynformaasje oer my, oer gearwurkjen of samar wat freegje? Belje of mail my gerêst!
Kinst dy ek ynskriuwe foar de nijsbrief of folgje myn aventoeren op @reina_en_greetje.
Ouders van Nu
https://www.oudersvannu.nl/producten/nieuwe-prentenboeken~34b36d2
‘It earste wat opfalt binne de libbene yllustraasjes fan Leonie Verbrugge. Mar ek it ferhaal sit fol ferbyldingskrêft, mei poëtyske teksten dy't dochs begryplik binne.'
Mijn gouden traan
https://www.mijngoudentraan.nl/lang-zal-eland-leven/
‘Ik hâld fan ferhalen dy't as puzeltsjes noch in skoftke trochwurkje yn dyn holle. En wêr't ik alle moaie symboalsinnen wol fan opskriuwe en ûnthâlde wol: omdat se wat taheakje oan de deistige werklikheid. Dit ferhaal soarget foar in ekstra diminsje dy't boppe it taastbere omheech giet. En ik sil besykje om in boekbeskriuwing te meitsjen dy't dy útnûget om dy boek sels te lêzen. En neidatst dat dien hast hoopje ik dat dit boek yn dyn tas meigiet nei dyn klasse. Om dan te folgjen wat dit ferhaal mei de bern yn dyn klasse docht. Gouden libbenslessen fersekere!'
Lang zal Eland leven
Reina&Greetje x Leonie Verbrugge
Aurora Concepts
Slow down and play awhile – holiday edition
Ko-auteur
Reina&Greetje x Sâlt + Flor
2022
Afûk Winterboek
Ko-auteur
Reina&Greetje x Afûk
2022
It grutte foarlêsboek II
Ko-auteur
Reina&Greetje x Afûk
2019
In printeboek foar lytse en grutte minsken
Mei yllustraasjes fan Leonie Verbrugge
2024 Aurora Concepts
ISBN 978-90-832999-1-4
Boekje op rym foar de Poiesz spaaraksje foar de lês-mar-foarwiken
2024 Afûk + Poiesz
Twa koarte ferhalen en in gedichtsje foar it Tomke temaboekje nr. 28 ‘ lekker eigenwiis ’
2024 Afûk – Tomke wurkgroep
Gedicht foar it Keimpe temaboekje 'eigenwiis'
2024 Afûk – Keimpe wurkgroep
Sjoch- en sykplaat foar projekt taalferriking
2024 Afûk + SFBO
Ferhaal
2024 Afûk, Leeuwarden
Boekje op rym foar de nasjonale foarlêsdagen fan 2024
2024 Afûk
Koart ferhaal foar it temaboekje By ús thús
2023 Afûk – Keimpe wurkgroep
Gedichtsje en twa koarte ferhalen foar Tomke temaboekje nr. 27
2023 Afûk
Koart ferhaal Tomke
2023 Afûk - tydskrift heit&mem
Gedicht ‘Snotferkâlden’ + koart ferhaal ‘Ik wol gjin wintersliep’
2022 Afûk, Ljouwert
Ko-auteur teksten reisgids yllustrearre kaartendeck
2022 Sâlt and Flor – Topmap Special Products B.V.
Trije koarte ferhalen foar de temateek fan de Lêsline, in Frysk lesprogramma foar it basisûnderwiis groep 3 en 4 op ferskate AVI nivo's
2022 Afûk – Keimpe wurkgroep
Koart ferhaal temaboekje Nei bûten
2022 Afûk
Koart ferhaal
2022 Afûk x IVN
Koart ferhaal en gedichtsje temaboekje 26
2022 Afûk
Koart ferhaal
2022 Cedin – tiidskrift Tsjil
Trije skripts foar telefyzje útstjoeringen Tomke
Koarte ferhalen ferhalewedstriid Tomke
Fiif koarte ferhalen foar de temateek fan de Lêsline, in Frysk lesprogramma foar it basisûnderwiis groep 3 en 4 op ferskate AVI nivo's
2021 Afûk – Keimpe wurkgroep
Koart ferhaal temaboekje De Winskmasine
2021 Afûk – Keimpe wurkgroep
Koart ferhaal
2021 Cedin – tiidskrift Tsjil
Koart ferhaal
2020 Cedin – tiidskrift Tsjil
Gedicht
2020 Afûk tydskrift heit&mem
Koart ferhaal
2019 Cedin – tiidskrift Tsjil
Koart ferhaal 'Minze Mûs en de fleanende ûnderbroeken'
2019 Afûk, Leeuwarden