Reina&Greetje. Dat ben ik!
Reina&Greetje. Dat bin ik en wy skriuwe tegearre. Dat fine we dochs faak leuker as allinnich. Wêr 't Reina dejinge is dy 't de wurden sammelet yn 'e wûnderlike wrâlden fan ferbyldingskrêft, soarget Greetje derfoar dat se ek echt twa fuotten oan 'e grûn krije.
Reina & Greetje skriuwt ferhalen en gedichten mei Fryske en Nederlânske wurden. Fan ferhalen foar it basisûnderwiis en beukers oant dreamerige gedichten foar elkenien, fan teksten opdracht ta ferhalen foar de alderlytsten.
wurk
Lang zal Eland leven
Winskkaarten Sâlt+Flor x Reina&Greetje
Telle mei Tomke
De alderbêste alles!
Wolkom yn 'e wrâld fan Reina&Greetje
ferhalen
Fan ferhalen om lêzen te learen op ferskate AVI-nivo's oant foarlêsferhalen foar pjutten en beukers. It deistige krékt wat bysûnders meijaan yn in foarm dy 't past, dêr wurd ik bliid fan.
gedichten
Gedichten om fier by wei te dreamen, yn de foarm fan in opsisferske of in koart mar krêftige - ien dy 't rekket. Spylje mei wurden, krekt salang oant ik it goede ritme fûn haw.
Boeken
Ik skreau de ôfrûne jierren mei oan trije boeken en meikoarten ferskynt myn earste echte eigen boek ' Lang zal Eland leven '. Dat is net samar wat, dat is foar my hiel bysûnder!
frij wurk
De wurken dy 't soms samar ûntstean en ek graach dield wurde wolle. In sammelplak foar wurk út de wrâld fan Reina & Greetje.
Projekten
Omdat wurkje mei mear as allinnich ek hiel noflik is skriuw ik graach gear mei oaren. Yn de foarm fan in boek, projekt of wurkgroep bygelyks.
Prints
Wolsto ek in echte Reina&Greetje thús? Dat kin! Mei in protte leafde makke en duorsum druk. Om te jaan of te hâlden.